Wolkom yn Museum Willem van Haren!
Museum Willem van Haren is it kultuerhistoarysk museum fan It Hearrenfean en omkriten. It museum lit de skiednis sjen fan begoedige eallju en reginten, mar ek fan de earmoed fan de bodders yn it fean, fan de rojale alluere fan Oranjewâld mei de simmerresidinsje fan de Fryske Nassaus yn de 18de ieu, fan sporthelden lyk as Abe Lenstra, en fan bedriuwen yn It Hearrenfean sa as Batavus en Koninklijke Smilde. Museum Willem van Haren hat wiidfiemjende kolleksje: in bysûndere fêste presintaasje mei de grutste stedsmakette fan Nederlân – It Hearrenfean yn 1830 – (mei ferhalen yn it Frysk!), iderkear wikseljende eksposysjes en oare publyksaktiviteiten, hjoeddeiske byldzjende keunst yn de Keunstromte, in byldenhofke en in museumwinkel dy’t ynrjochte is as 19de-ieuske apteek.
It Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum makket diel út fan Museum Willem van Haren. Dit museum jout in byld fan it libben en wurk fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919), de heit fan it Nederlânske sosjalisme. Hy wie de meast bewûndere en meast hate persoan fan syn tiid. Yn syn striid foar sosjaal rjocht, wie Domela belutsen by de sosjale striid yn Súdeast Fryslân, de krite dy’t him as earste sosjalist nei it Nederlânske parlemint stjoerde. De arbeiders yn it fean earden him mei de titel ‘ús Ferlosser’. It Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum hat ek in eigen website, www.fdnmuseum.nl
Ynformaasje
Beide musea binne húsfeste yn de ‘Heerenveense School’, it sintrum foar keunst en kultuerhistoarje yn it Hearrenfean. Yn it gebou binne ek de ‘a7 Centrum voor de Kunsten’ mei aktiviteiten op it mêd fan keunstedukaasje en de VVV / ANWB te plak. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de resepsje fan it Museum Willem van Haren / Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum, tel. 0513 62 34 08 en/of sjoch by it menu-item ‘Bezoekers’.
Sjoch foar aktiviteiten yn museum Willem van Haren by it menu-item ‘Agenda’.

















